Stront foar Hantumhúster

30 jan 2004 - 00:00

In berch stront op 'e oprit. Dat is wat in ynwenner fan Hantumhuzen krige dy't tsjin it nije boartersplak yn it doarpke is. It soe it doarpsoansicht en it útsicht op 'e Sint Annatsjerke bedjerre. De man kaarte syn beswieren oan by de gemeente Dongeradiel, mar dy joech him gjin gelyk. De gemeeenteried gie tongersdei akkoart mei de oanlis fan it boartersplak. It plak is keazen yn oerlis mei Doarpsbelang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)