Hast al it amateurfuotbal ôflast

© Omrop Fryslân
Fanwege de minne tastân fan 'e fjilden hat it KNVB Distrikt Noord besletten om it folsleine wedstriidprogramma foar sneon 31 jannewaris en snein 1 febrewaris te skrassen. De snie en it wer heal ûntteien fan dy snie ha de fjilden sa goed as ûnbespylber makke.
It beslút jildt foar alle klassen útsein de Haadklasse sneon en de Haadklasse snein. Oft dy wedstriden trochgeane wurdt yn Zeist besletten of troch de skiedsrjochter fan tsjinst.