Working Class Hero yn 'e Meenthe

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter sjonger-tekstskriuwer Melvin van Eldik hat de bêste oersetting makke fan John Lennon syn 'Working Class Hero'. Dat waard tongersdeitemoarn bekend op it moarnsbrochje fan 'e Nasjonale Gedichtedei yn 'e Harmonie yn Ljouwert. De SLAL hie de wedstriid útskreaun.
De titel fan Van Eldik syn winnende bydrage is 'Un held út de Meenthe', yn it Liwwarders. Twadde waard de Fryske oersetting fan Hylke Tromp.