VVD: dúdlikens oer kenniskampus

© Omrop Fryslân
De VVD-steatefraksje wol dúdlikens fan Deputearre Steaten oer de kosten fan de nije kenniscampus yn Ljouwert. Ferline jier waard noch praat fan in totale ynvestearring fan 116 miljoen euro. No is dat oprûn nei 155 miljoen euro.
De VVD wol fan Deputearre Steaten witte wêrom't it yn in jier tiid safolle djoerder wurden. Fierders is de fraach hoefolle de provinsje dêroan meibetelje sil. Ek dêr is neffens de VVD gjin dúdlikens oer.