Tweintich ûngelokken troch snie

29 jan 2004 - 00:00

De glêdens troch de snie hat yn Fryslân foar 20 ferkearsûngelokken soarge. Yn 'e measte gefallen gie it om iensidige ûngelokken. Dat bestjut dat auto's fan 'e dyk ôf glide binne. Ien persoan is dêrby lichtferwûne rekke, sa melde de plysje tongersdeitemoarn.

It KNMI yn De Bilt hat it waaralarm wer ynlutsen. Dat wie woansdeitejûn kertier foar alven ôfkondige fanwege swiere sniebuien. Der wurde foar tongersdei noch wol in pear sniebuien ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)