Kommunikaasjefout plysje Swolle

© Omrop Fryslân
Dat Hearrenfean-supporters ûnderweis nei Arnhem, ôfrûne sneon yn Swolle tsjinholden en weromstjoerd binne, komt troch kommunikaasjeflaters by de plysje
Net de fernielings wiene de oanlieding om de fans werom te stjoeren, mar it feit dat de plysje yn earste ynstânsje tocht dat it om RBC-supporters gie, dy't nei it stadion yn Swolle moasten. Doe't de plysje syn fout ynseach, wie it foar de Feanfans te let de trein nei Arnhem te heljen.