Van der Veen tredde yn Eastenryk

© Omrop Fryslân
Bertjan van der Veen fan 'e Jouwer is woansdei tredde wurden op de maraton dy't op de Weissensee yn Eastenryk ferriden waard. Earste waard Erik Hulzenbosch, twadde wie René Ruitenberg. De wedstriid einige nei 40 kilometer yn in massasprint.
De maratonriders hawwe tongersdei noch in kritearium op it programma. Sneon folget dan it klapstik: de Alternative Alvestêdetocht oer 200 kilometer.