SP Hearrenfean skrast riedslid

© Omrop Fryslân
De SP op It Hearrenfean hat riedslid Haije de Wit definityf út de partij set. Ferline wike waard De Wit troch it partijbestjoer skrast om't er amper oanwêzich wie by rieds- en kommisjegearkomsten. De leden giene tiisdei op de ledegearkomste akkoart mei it skrassen. De Wit wurdt nei alle gedachten opfolge troch Rinnie Woudt.
De Fryske D66 hat foarige wike in nij regiobestjoer keazen. Foarsitter waard Dirk van den Berg.