Hearrenfean dekt fjild ôf

27 jan 2004 - 00:00

Sportklup Hearrenfean docht der alles oan om de thúswedstriid fan woansdei yn de earedivyzje tsjin Ajax trochgean te litten. In grutte ploech fan frijwilligers hat tiisdei oan it wurk west om it fjild fan it Abe Lenstrastadion alfêst te beskermjen tsjin de snie dy't benammen woansdei oerdei ferwachte wurdt.

By de wedstriid tusken de nûmer ien en de nûmer fiif fan de earedivyzje wurde sa'n 15.000 minsken ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)