Nasjonale Foarlêsdagen fan start

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn Nederlân binne tiisdei de Nasjonale Foarlêsdagen fan start gien. Op in protte plakken waard ûnder it moarnsbrochje foarlêzen oan pjutten en beukers, lykas yn de bibleteek yn Snits.
Benammen de lytste groepen, de pjutten en de beukers, wurde dizze kear oansprutsen. Want der wurdt hieltyd minder foarlêzen en dit projekt moat dêr feroaring yn bringe. Foarlêzen is tige goed foar de ûtwikkeling fan bern.