Protest Ljouwerter skippers

27 jan 2004 - 00:00

De Ljouwerter skipppers komme yn aksje tsjin it plan fan de gemeente Ljouwert foar in fêste Fuotgongersbrêge yn de Suderstedsgrêft. Grutte skippen sille dannet mear keare kinne. Se kinne dan dus net mear yn de binnenstêd komme.

De skippers fine dat in kwalike saak, fral om't de gemeente earder útsprutsen hat fan Ljouwert it wettersportsintrum fan it Noarden meitsje te wollen. De skippers hâlde 3 febrewaris in diskusje op dat plak mei foar en tsjinstanners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)