Eksposysje Karmelkleaster langer

© Omrop Fryslân
De measte skilderijen dy't te sjen binne yn de útstalling Liefde en Dood yn it Karmelkleaster yn Drachten hawwe nea earder útstald west. It giet om persoanlike portretten, lykas âlders op it stjerbêd, in heit dy't net mear sjen kin sûnt mem der net mear is, mar ek in dochter dy't boartet mei in rûp.
It fertrietlike tema sprekt in soad minsken oan, want tûzenen hawwe it kleaster al besocht. Besletten is dan ek om de eksposysje te ferlingen.