Hongerstaking om it Bretonsk

27 jan 2004 - 00:00

De 17-jierrige Sabrina út Douarnenez yn Bretagne hat in wike net iten út protest tsjin it plan fan 'e Frânske oerheid om leararen Bretons dien te jaan. As Frankryk it plan trochset soe Sabrina gjin Bretons mear folgje kinne of fier reizgje moatte nei in oare skoalle. It soe betsjutte dat in soad learlingen Bretons falle litte.

Omdat it der no op liket dat guon leararen Bretons har baan hâlde is Sabrina wer begûn te iten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)