Fryslân: trije Michelin-stjerren

© Omrop Fryslân
Fryslân hâldt trije Michelin-stjerren. It giet om de Koriander yn Drachten, Lauswolt yn Beetstersweach en De Grië op Skylge. Alle trije hiene al in stjer en meie dy dit jier dus wer brûke. Dit waard moandei dúdlik by it útkommen fan 'e nijste Michelingids Benelux.
Restaurant Sir Sebastian op it Hearrenfean stiet foar it earst yn 'e gids. Net mei in stjer, mar mei in Bib Gourmand, it symboal foar lekker ite tsjin in ridlike priis.