Grutte brân yn sintrum Snits

27 jan 2004 - 00:00

Yn it sintrum fan Snits is tiisdei betiid in grutte brân útbrutsen. In foarbygonger melde reek yn in lampesaak oan it Oud Kerkhof. De brânwachtkorpsen fan Snits, Drylts, Harns en Boalsert binne ynset. It wie dreech de brân te bestriden om't de gebouwen oaninoar fêstboud binne. De brân ûntstie mooglik yn it tydlike VVV-kantoar.

Trije omwenners binne út foarsoarch evakuearre. Der is foar miljoenen skea en it beskerme stedsgesicht is skeind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)