Aksje keunstners foar asylsikers

© Omrop Fryslân
Fryske keunstners komme yn aksje tsjin it lanlik asylbelied. De groep sil portretten meitsje fan asylsikersbern dy't útset wurde sille. Se dogge dat oan de hân fan foto's. De aksje is foar it komitee Van harte pardon.
De keunstners hoopje sa'n 700 portretten skilderje te kinnen. De aksje wurdt koördinearre troch galery Changes Design yn Mitselwier. Dêr komt oer in moanne in eksposysje fan de skilderijen.