Ernst twadde op Corustoernoai

© Omrop Fryslân
Sipke Ernst (24) fan Damwâld is dit wykein mei tsien punten as twadde einige op it Corus skaaktoernoai yn Wijk aan Zee. Ernst wie mei ôfstân de sterkste Nederlanner yn 'e Grutmaster C groep, op mar in heal puntsje fan it Noarske wûnderbern Magnus Carlsen (13). Jan Werle fan Beetstersweach waard yn dizze groep fjirde mei acht punten.
Ernst ferlear sneon fan Carlsen, mar wûn snein syn lêste partij fan 'e Sinees Zhaoqin Peng.