Hûn mishannele yn Noardwâlde

25 jan 2004 - 00:00

Yn Noardwâlde is sneon in hûn mishannele. In 11-jierrich jonkje liet it bist út en waard dêrby lêstichfallen troch in groep fan tsien jonges. De groep pakte de hûn fan him ôf en sloech en skopte it bist.

Ien jonge fan de groep pakte de bril fan de 11-jierrige ôf en bruts der in poat ôf. Nei in skoftke naaide de groep wer út. De jonges hiene soldateklean oan en grien/brune kamûflaazje op it gesicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)