Fûgelpest dupearret Friki

© Omrop Fryslân
Friki yn Easterwâlde fernimt de gefolgen fan de fûgelpest yn Tailân. It snackfabryk ymportearret in grut part fan har hinnefleis út dat lân. De Europeeske Uny hat besletten ta in folslein ymportferbod op hinnefleis út Tailân. Dat jildt foar fleis dat nei 1 jannewaris fan dit jier slachte is.
Neffens direkteur Hamster fan Friki is it risiko dat de sykte fia it fleis op minsken oerbrocht wurdt frijwol nihyl. Friki siket wol om nije leveransiers.