Nijpels lêst foar oan pjutten

25 jan 2004 - 00:00

Kommissaris Nijpels lêst tiisdei foar oan pjutten yn Ljouwert. Dy dei begjint de kampanje om foar te lêzen. Tema dit jier is lokale helden. Oare pleatslike helden, lykas plysje of postboade, lêze ek foar.

Goed 600 ynstellingen foar berne-opfang yn Nederlân begjinne de aksje mei in foarlês-moarnsbrochje. De Foarlêsdagen duorje oant 8 febrewaris. Der binne tal fan aktiviteiten dy't omtinken jouwe oan bern dy't noch net lêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)