Supporters binne klub ûnweardich

© Omrop Fryslân
Riemer van der Velde is net te sprekken oer de supporters dy't har sneon misdroegen ha. De foarsitter fan SC Hearrenfean is fernuvere oer it feit dat guon fan de oppakte rêddraaiers in stadionferbod ha en dochs op ien of oare wize oan in kaart komme koenen.
Van der Velde wol in ein meitsje oan de frijheid foar sokke 'fans'. De klub distansjearret him fier fan de fernielerij. It past net by de klub dy't lanlik goed bekend stiet.