Vlasveld twad by wintertriatlon

24 jan 2004 - 00:00

Marianne Vlasveld út Reahel is har Europeeske titel wintertriatlon kwytrekke. Yn it Switserske Wildhaus eindige Vlasveld as twadde. De titel gie nei de Dútske Sigrid Lang, al jierren de grutte konkurrinte fan Vlasveld.

Vlasveld wie dizze kear net opwoeksen tsjin de klasse en foarm fan Lang. De atlete út Reahel wie lykwols tefreden mei it twadde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)