Groote nei FC Wolvegea

© Omrop Fryslân
Johan Groote wurdt it kommende seizoen trainer fan sneinsearsteklasser FC Wolvegea. Groote is no noch trainer fan de beloften fan Cambuur. Syn kontrakt dêr wurdt net ferlingd. It bestjoer fan Cambuur wol yn de jeugdoplieding oare aksinten lizze en dêr past Johan Groote net by.
Groote hat by Wolvegea in kontrakt fan in jier tekene. Hy kin ûnder de oerienkomst útkomme as der in klub yn it betelle fuotbal him hawwe wol.