Fryske rolstoelrugbyers op EK

24 jan 2004 - 00:00

De Drachtster rolstoelrugbyers de Welzorg Quad Fighters steane nei jierren fan problemen wer oan de top yn Europa. It team docht ein febrewaris nammentlik mei oan it EK foar klupteams yn Berlyn.

Rolstoelrugby wurdt 4 tsjin 4 spile yn in seal en de rolstuollen botse dêrby in soad tsjininoar op. De sport is populêr by handikapten om se sa sjen litte kinne dat ek handikaptesport fanatyk en rûch wêze kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)