Oanlis akwadukten folle djoerder

© Omrop Fryslân
De oanlis fan trije akwadukten yn it súdwesten fan Fryslân moat 14 miljoen euro mear kostje as earder troch de provinsje begrutte. De steatefraksje fan de ChristenUnie/SGP easket dêr in ferklearring foar fan it provinsjebestjoer.
Otto van der Galiën fan de fraksje is tige fernuvere oer it feit dat de oanlis fan de 3 akwadukten, Jeltesleat, Wâldsein en de Galamadammen, ynienen folle djoerder wêze moat.