Skoalle Himrik wol iepen bliuwe

© Omrop Fryslân
Kristlike basisskoalle Rehoboth op 'e Himrik yn Opsterlân moat bliuwe, ek al binne der net genôch learlingen. Dat fynt net allinnich it bestjoer fan de skoalle, mar ek de gemeente dy't tasein hat him yn te setten foar it fuortbestean fan de skoalle.
Op 1 oktober foarich jier sieten der 22 bern op skoalle en dat is 1 te min om iepen te bliuwen. Tolve dagen letter wiene dat al wer 23, mar de skoalle hat faker ûnder de grins fan 23 sitten.