Snits yn top-10 wettersport

© Omrop Fryslân
Neffens de Ingelske Omrop BBC heart Snits by de bêste tsien toeristyske bestimmingen op 'e wrâld as it giet om wetterrekreaasje. De BBC hat Snits op it fyfde plak set op in list dêr't ek Venetië, de Kanaryske Eilannen en Florida yn steane.
In ferslachjouwer fan de BBC gie by de plakken del. Hy fûn Snits in sjarmante stêd mei in soad goeie restaurants. Opfallend fûn er dat minsken op 'e kant de hân nei him opstutsen.