Krityk Jan Ploeg op Balkenende

23 jan 2004 - 00:00

CDA-deputearre Jan Ploeg fynt dat it kabinet Balkenende mear omtinken jaan moat oan it skeppen fan banen en minder oan it begruttingstekoart. Ploeg, de nûmer ien fan it CDA by de steateferkiezings, steurt him oan de iensidige neidruk fan it regear yn Den Haach op it begruttingstekoart.

Neffens âld-ûndernimmer Ploeg moat de oerheid yn ekonomysk minne tiden krekt ynvestearje, benammen yn wurk en ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)