Brân yn Snits

© Omrop Fryslân
By in brân yn in wenning yn de Simonisstrjitte yn Snits, is tongersdei fikse skea ûntstien. De 37-jierrige bewenner hie yn de wenkeamer oan syn brommer sleutele en wie dêrnei op 'e bank yn sliep fallen.
Mooglik is der in jerrycan omfallen en is de benzine troch de waarmte fan de kachel yn 'e brân flein. De wenkeamer baarnde hast folslein út. De bewenner kaam mei de skrik frij, syn beide katten ha de brân net oerlibbe.