Jamai krijt aaien nei de holle

23 jan 2004 - 00:00

In winkelbesite fan Jamai oan de Specsavers yn Drachten is tongersdei op in lyts drama útrûn. De winner fan Idols is mei aaien bekûgele. Der wiene in pear minsken dy't foar opskuor soargen. Jamai fûn it hiel spitich dat se it foar de fans bedoaren.

Der wiene tweintich priiswinners dy't noch wol har prizen krigen hawwe. Sy stean wol mei Jamai op de foto en hawwe wol in hantekening krigen. Bûten hat Jamai gjin hantekens mear útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)