Utprosedearren moatte ûnderdûke

23 jan 2004 - 00:00

Vluchtelingenzorg Wûnseradiel sil útprosedearre asylsikers helpe by it sykjen fan ûnderdûkadressen. Dat seit koördinator Buis dy't 70 útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum begeliedt. De gemeente subsidiearret de stichting.

It opfangsintrum yn Wytmarsum is fol. Buis wol minsken net weromstjoere nei ûnfeilige lannen. Neffens him bliuwt der dan gjin oar alternatyf as ûnderdûke. Hy neamt it lanlike belied misdiedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)