Klanten bepale rekken miel

23 jan 2004 - 00:00

By Gasterij 't Wapen yn Aldeberkeap meie klanten begjin febrewaris sels bepale wat foar priis se foar har iten jouwe. It restaurant wol mei dy aksje tsjingas jaan tsjin de negative berjochten oer hege prizen yn de horeka.

Troch klanten sels bepale te litten wat se foar har iten betelje, hopet it restaurant dat dy klanten neitinke oer wat it meitsjen fan har iten kostet. It restaurant hâldt rekken mei ferlies.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)