60 amtners op Fryske kursus

22 jan 2004 - 00:00

Sechtich meiwurkers fan 'e gemeente Ljouwert begjinne nije wike oan in kursus Frysk. It inisjatyf foar de lessen komt fan it twatalige Histoarysk Sintrum Ljouwert, it eardere gemeente-argyf. De kursussen wurde yn wurktiid jûn, op kosten fan 'e gemeente.

De gemeente ferklearret de grutte belangstelling út it enthûsjasme fan it Histoarysk Sintrum en it goeie foarbyld fan boargemaster en wethâlders fan 'e Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)