Iepen hert-operaasje yn MCL

© Omrop Fryslân
Yn sikehûs MCL yn Ljouwert is woansdei foar it earst in iepen hert-operaasje útfierd. Neffens in wurdfierder fan it sikehûs wie de operaasje in sukses. De pasjint, in 65-jierrige Ljouwerter, makket it goed.
Yn it MCL sille fan no ôf geregeld iepen hert-operaasjes dien wurde. Nei ferwachting dit jier al 400. Ynkoarten hopet it sikehûs ek te begjinnen mei dotterbehannelingen fan krânsslachieren. Dat is nij foar it MCL.