SP It Hearrenfean skorst De Wit

© Omrop Fryslân
De SP op It Hearrenfean hat by de lêste gemeenteriedsferkiezings 1 sit krigen. Dizze waard beset troch Haije de Wit, mar dy wie hast nea by riedsgearkomsten en kommisjefergaderingen.
It bestjoer op It Hearrenfean koe neat feroarje oan de situaasje en hat dêrom besletten De Wit te skorsen. Rinnie Woudt, nûmer 2 fan de list, wol syn plak wol oernimme. De Wit seit it spitich te finen dat er skorst is. Syn ôfwêzigens hat te krijen mei sykte.