Undersyk IM nei giflek Noardsee

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Amsterdam is in strafrjochterlik ûndersyk begûn nei it lekken fan giftich arseenpentokside yn de Noardsee. It ûndersyk konsintrearret him op de kapitein fan de Andinet en de reder.
De Andinet wie ûnderweis nei it Noard-Dútse Bremerhaven, doe't it by de stoarm fan 21 desimber yn problemen kaam. Trije konteners mei yn totaal 630 fetten en 63 losse fetten sloegen oerboard. Ek sloegen guon fetten lek.