Jorritsma tekenet gedrachskoade

© Omrop Fryslân
Boargemaster Jorritsma fan Almere hat in gedrachskoade tekene dy't belangeferstrengeling mei it famyljeboubedriuw Jorritsma Bou BV foarkomme moat. Op it stuit dat de gemeente saken docht mei Jorritsma Bou, nimt de loko-boargemaster de taken oer.
It fan oarsprong Fryske boubedriuw die al saken mei groeistêd Almere foar't Annemarie Jorritsma dêr boargemaster waard. It gong te fier om it bedriuw hielendal bûten te sluten by bouklussen.