NIDO wol subsydzje ôftwinge

© Omrop Fryslân
It NIDO yn Ljouwert wol mooglik fia in rjochtsaak 10 miljoen euro subsydzje fan it Ryk ôftwinge. NIDO stiet foar 'Nationaal Initiatief Duurzame Ontwikkeling'. Dizze lanlike organisaasje is sûnt 5 jier fan Fryslân út aktyf en is troch it Ryk opset.
It stimulearret in duorsume wize fan wurkjen en libjen. It Ryk gong ferline jier al net akkoart mei in subsydzje fan 30 miljoen euro. Der is ek noch gjin goedkeaper alternatyf.