Soad hynders herkeurd

© Omrop Fryslân
In rekordtal hynders, 27, is tongersdei herkeurd troch it Frysk Hynstestamboek. Oare jierren binne der yn de regel net mear as fiif oanmeldings. De groei hat te krijen mei ûnfrede ûnder leden fan it Hynsteboek oer it nije bestjoer. Dat soe te min nei de leden harkje.
It bestjoer fan it Hynstestamboek tinkt dat it grutte tal herkeurings fral it gefolch is fan it nije skoaresysteem dat dit jier ynfierd is. Leden soene der oan wenne moatte.