Spikerdoarp Drachten moat ticht

© Omrop Fryslân
In wyldgroei oan hutsjebouwende bern yn Drachten driget, as Spijkerdorp slút. By it bou- en aventuereboartersplak yn Drachten komme alle jierren hast fiiftûzen bern. De gemeente besuniget op de bydrage oan Spikerdoarp.
De foarsjenning slút 31 desimber 2005. Bern sille om oare plakken sykje om te boartsjen en hutten te bouwen. De kâns bestiet dat der sa troch Drachten hinne oeral hutsjes komme te stean, sa tinkt it bestjoer fan Spijkerdorp.