Hûnen ynset tsjin mûzepleach

20 jan 2004 - 00:00

Skiermûntseach set hûnen yn tsjin de mûzepleach op it eilân. Fjildmûzen wrotte yn de seedyk en sa ûntstean swakke plakken. In heal jier lyn is de mûs foar it earst op it eilân sjoen. It bist is mooglik mei transport meikaam.

Rykswettersteat hat de sitewaasje yn de macht, mar hâldt de dyk goed yn de gaten. Der binne al goed 250 fjildmûzen fongen. Dat bart net mei gif. Der wurdt swiet wetter yn 'e hoalen getten en dêrnei bite Jack Russells de mûzen dea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)