'Plein Stynsgea mear brûke'

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Stynsgea wol mear gebrûk meitsje fan it Abrahamsplein yn it midden fan it doarp. It plein moat in sintraal moetingsplak wurde dêr't mear aktiviteiten plakfine kinne.
De ynwenners fan Stynsgea kinne ein dizze moanne har ideeën foar it doarpsplein kwyt by in gearkomste fan doarpsbelang. In wurkgroep sjocht der dan nei. De kosten kinne foar in part betelle wurde út it leefberensfûns fan de gemeente Achtkarspelen.