Ankers krije nammeboerd werom

20 jan 2004 - 00:00

Advokatekantoar Anker en Anker yn Ljouwert krijt freed it nammebuordsje werom. It boerd waard ein ferline jier stellen troch âldjiersklub Vesuvius út Elslo. Dy toanden it mei Ald en Nij.

It nammebuordsje fan de Ankers waard ferfongen troch de tekst 'Een samenleving zonder humor is een dode samenleving'. Vesuvius doelde dêrmei op de boete, dy't it stellen fan it byld fan Rinus Michels by de KNVB, de klub in jier earder opsmiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)