Munysje komt fan eilannen

© Omrop Fryslân
De munysje dy't op it terrein fan Oldenburger yn Ljouwert fûn is, komt fan Skylge en Flylân. De lege strieljagerpatroanen binne brûkt op de oefenterreinen op de eilannen. Dat befêstiget Afvalsturing Friesland, de nije eigner fan de eardere ôffalferwurker.
De 3000 lege patroanen soargen ein ferline jier foar konsternaasje. It terrein is ûnderwilens oprêden. It ûndersyk nei de munysje is stopset.