Sjonger Ritske Numan ferstoarn

© Omrop Fryslân
De bekende Fryske sjonger Ritske Numan út Drachten is sneon yn 'e âldens fan 82 jier ferstoarn. Numan waard foaral bekend doe't er yn 'e jierren sechtich en ek dêrfoar al Fryske ferskes song lykas 'Dat alles is Fryslân foar my' en 'Alde dwersfeart'. Ein jierren njoggentich kaam der noch in CD út mei de bêste nûmers fan Ritske Numan.
Numan woe de lêste jierren net mear optrede. De sjonger hie gjin belang mear by publisiteit.