Bernetelefoan bestiet 25 jier

19 jan 2004 - 00:00

De bernetelefoan is moandei yn Ljouwert út ein set mei in alternative alvestêdetocht. In spesjale bus giet de kommende wiken by skoallen del yn de alve Fryske stêden. De tocht wurdt makke om stil te stean by de 25ste jierdei fan de bernetelefoan.

Nei 25 jier is yn Fryslân noch altyd grut ferlet fan de bernetelefoan. Jier- liks komme tûzenen telefoantsjes binnen foaral fan famkes tusken 10 en 14 jier. It giet meast oer pesten en seks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)