Yntegraasje yn Fryslân oars

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân is de yntegraasjeproblematyk fan allochtoanen oars as yn de rest fan it lân. De Twadde-Keamerkommisje dy't it migraasjebelied fan Nederlân ûnder- socht hat, kaam moandei mei in rapport. De konklúzje is dat it yntegraasje- belied mislearre is.
Neffens ûndersiker Boneschansker fan de Fryske Akademy hawwe asylsikers yn Fryslân mear kontakt mei de autochtoane befolking, mar is it probleem fan de wurkleazens hjir grutter.