Plysje hâldt jonges oan yn Grou

18 jan 2004 - 00:00

Yn Grou hat de plysje sneintemoarn trije jonges fan 18, 19 en 22 jier oanholden fanwege mishanneling. De trije hearden by in groep dy't nei in jûn stappen op wei nei hûs wiene. De 22- jierrige Grouster krige spul mei in groepke oare jeugd. Hy rûn mei in mes op it groepke ôf. De plysje koe him by syn hûs oanhâlde.

Letter hold de plysje noch twa Grouster fjochtersbazen oan op de Stasjonswei. Sy sloegen en drigen mei in fytspomp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)