Oanbou gemeentehûs 3 miljoen

18 jan 2004 - 00:00

It nije stik dat oan it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum boud wurde moat, moat goed trije miljoen euro kostje. It ôfrûne jier binne bouplannen makke foar it nije part dêr't ûnder oaren in publykshal yn komt.

De boufergunning foar it nije stik is al útjûn. De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel moat no allinnich noch akkoart gean mei it kredyt dat nedich is foar de nijbou. De ried praat der ein jannewaris oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)