Gemeente betellet mei oan super

© Omrop Fryslân
B en W fan Menameradiel wolle hast 70.000 euro subsydzje jaan foar de bou fan in buertsupermerk yn Bitgummole. De gemeente hat aktyf dwaande west mei de plannen foar de supermerk, omdat er it fan belang fynt de foarsjenning yn it doarp op peil te hâlden.
In gruthannel dy't op mear plakken supermerken delset wol dy yn Bitgummole ek wol útbate. Mar dan moat de gemeente meibetelje. De gemeente wol dat de winkel dan seker 10 jier stân hâldt.